Nije oplieding foar túnbaas

28 maaie 2009 - 21:17

AOC Fryslân wol foarkomme dat it berop fan túnbaas útstjert. In túnbaas is ferantwurdlik foar ynrjochting en behear fan histoaryske bûtenpleatsen, botanyske tunen en stedsparken.

Der binne hieltiten minder minsken dy't de goeie oplieding ha. Dêrom komt it AOC mei in nije stúdzje. De ûnderwiisynstelling docht dat yn gearwurking mei it Gilde voor Tuinbazen. MBO-studinten dy't de oplieding folgje, krije ûnder oare les op Martenastate yn Koarnjum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)