Nije oplieding foar himmelwurk

03 nov 2008 - 09:39

Om de grutte persoanielstekoarten tsjin te gean begjinne Fryske himmelbedriuwen moandei mei in eigen oplieding foar spesjalistyske reiniging. Yn twa jier tiid folgje studinten in mbo-oplieding en krije dêrby in garânsje op wurk. Fjirtjin studinten hawwe harren oanmeld.

Bedriuwen yn in himmelbranzje kinne de lêste jierren hast gjin spesjalistyske reinigers fine. Dy wurde bygelyks ynset foar it skjinmeitsjen fan wynmûnes en wenten dêr't brân west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)