Nije opfang 'Vangnetwerk'

28 sep 2009 - 12:00

Krisisopfang Limor yn Ljouwert begjint mei in nije foarm fan help, it Vangnetwerk. De dakleaze-opfang kin de tastream fan dakleaze gesinnen net oan. Yn Fryslân nimt it tal gesinnen dat opfang siket ek noch hieltyd ta. Mar de opfangsintra sitte faak sa fol, dat der gjin plak mear is.

It komt sels foar dat gesinnen yn har auto libje moatte. It bart ek dat gesinnen út Fryslân opfongen wurde moatte yn Maastricht of Amsterdam. Vangnetwerk moat dêr wat oan dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)