Nije OpenOffice herkent Frysk

19 sep 2007 - 16:36
  • It opensource tekstprogramma writer

De nije ferzje fan kompjûterprogramma OpenOffice.org wurket ek yn it Frysk. It giet om de tekstferwurker Writer fan OpenOffice. Dit programma is by steat om sels te rieden yn hokker taal je skriuwe. De staveringshifker wurdt dan automatysk oanpast.

De oankundiging fan de nije ferzje komt ien dei foar de ynternasjonale OpenOffice-konferinsje yn Barcelona. Njonken it Frysk is ek it Oksitaansk as wurktaal taheakke oan OpenOffice.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)