Nije omjouwingsfisy Opsterlân

04 nov 2014 - 14:35
  • Gemeente Opsterlân

De gemeente Opsterlân sil yn petear mei ûndernimmers en belange-organisaasjes foar it meitsjen fan in nije omjouwingsfisy. Dan giet it oer kwaliteit, ynrjochting en ûntwikkeling fan de leefomjouwing yn de gemeente fan 2015 oant 2030. Underwerpen dêryn binne groei, wenjen, lânbou, miljeu, romte, rekreaasje en toerisme.

Boargemaster en wethâlders hoopje by de ûndernimmers en belange-organisaasjes ynspiraasje en ynformaasje te krijen. Der moat in nije fisy komme, om't de fisy fan no ferâldere is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)