Nije OK's yn Tjongerschans

17 apr 2004 - 00:00

De finansjele posysje fan sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean is sûn. Dat seit direkteur Van Leerzem fan it sikehûs. Nettsjinsteande de besunigings dy't de oerheid foar de sikehûzen oankundige hat, kin de Tjongerschans djoer ferbouwe.

Sneon wie der in bysûndere 'operaasje' yn it ferbouwingsproses. Twa âlde operaasjekeamers waarden ferpleatst, om aanst plak te meitsjen foar seis splinternije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)