Nije ôfspraken oer ljocht út megastâlen

14 maaie 2015 - 12:58
  • Megastâl (argyffoto)

De Fryske Miljeufederaasje en oare natuerklups hawwe mei boere-organisaasje LTO Noard ôfspraken makke oer ferljochting fan stâlen. Mei de komst fan nije, heal iepen megastâlen is it minder tsjuster wurden op it plattelân. De organisaasjes hawwe dêr ûndersyk nei dien. Dêr binne oanbefellings út kaam, dy't fêstlein binne yn rjochtlinen. Sa moat der in grins komme oan de sterkte fan de ferljochting en moatte de ljochten net dei en nacht brâne. Net allinnich natuerklups yn Fryslân, mar ek dy yn Grinslân ûndertekenje de ôfspraken.

Dy ôfspraken 'ljochtútstjit melkfeestâlen' wurde moandei yn de Dairy Campus yn Ljouwert offisjeel ûndertekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)