Nije ôffalrûte yn Fr. Marren

25 des 2013 - 12:01
  • Ald papier

De nije fúzjegemeente De Fryske Marren rint by it gearfoegjen fan Lemsterlân, Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân oan tsjin in grut ferskil by it opheljen fan it âld papier. Yn Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân dogge frijwilligers fan de skoallen en ferienings dat, mar yn Lemsterlân hellet de gemeente it op. Bewenners waarden dêroer altyd ek ynformearre mei de gemeentlike ôffalkalinder. Mei de start fan De Fryske Marren feroarje ek alle rûtes foar it opheljen fan ôffal. De Fryske Marren set de data foar it âld papier net langer op de kalinder.

Foar elke wyk yn Lemsterlân wurdt yn 't foar in momint fêststeld dat it âld papier ophelle wurdt. Foar bewenners fan Gaasterlân-Sleat en Skarsterlân feroaret der foarearst neat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)