Nije oefenromtes yn Ljouwert

05 aug 2009 - 14:32

Ljouwert krijt twa nije oefenromtes. Yn dizze romtes kinne bands repetearje. Der stiet in drumstel, gitaar- en basfersterkers en in set om it lûd te fersterken. Der is ek in mooglikheid om opnames te meitsjen.

Neffens inisjatyfnimmer Zout Music Management is der in soad talint yn Ljouwert en de rest fan Fryslân. Der is in tekoart oan oefenromtes en moatte bands faak fier reizgje om te repetearjen. De romtes sille nei de simmer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)