Nije oanwinst Planetarium

28 aug 2008 - 13:45
  • Kopy boek Poalske stjerrekundige

It Planetarium yn Frjentsjer hat in nije oanwinst. Sûnt woansdei wurdt in eksakte kopy fan in boek fan de Poalske stjerrekundige Copernicus tentoansteld. Yn dat boek, dat skreaun waard yn 1543, beskriuwt Copernicus dat net de ierde it sintrum is fan ús sinnestelsel, mar de sinne. In revolusjonêre teory yn dy tiid.

Koartlyn waard op in feiling yn New York noch oardel miljoen euro foar in orzjineel fan dit boek betelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)