Nije oanpak oerlêst jierwiksel yn Dantumadiel docht fertuten

20 feb 2015 - 09:44

De jierwiksel yn Dantumadiel is rêstich ferrûn troch in goede gearwurking tusken jongerein, helptsjinsten en de gemeente. Benammen de ynset fan de wykplysjes hat bydroegen oan it beheinen fan de oerlêst. Dat docht bliken út in evaluaasje fan de oanpak mei de namme 'Alde gebrûken, nije oanpak'.

Neist allerhanne helptsjinsten diene ek 40 jongeren mei oan it projekt. Der sil kommend jier boppedat sjoen wurde nei de oerlêst fan de groepen, dy't mei karbid oan it sjitten binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)