Nije oanpak Hylper Stylkeamer

08 jul 2013 - 15:24
  • Hylper Stylkeamer fan John Bock

De ferneamde Hylper Stylkeamer út 1877 yn it Frysk Museum krijt yn it nije museum yn Ljouwert in folslein nije oanpak. De Dútske film- en videokeunstner John Bock is frege om de histoaryske keamer mear in plak yn dizze tiid te jaan. De keunstner út Berlyn makke dêrfoar ôfrûne wike yn de stylkeamer en yn in oanboude romte in film oer in Hylper famylje en har húshâldster, dy't op in brute wize om it libben brocht wurdt.

Yn de nije romte hat de keunstner de bliederige gefolgen fan dizze gruweldied ferbylde. It publyk kin net allinne dizze ynstallaasje besjen, mar ek de film dy't yn dit dekôr makke is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)