Nije oanpak hûnestront

08 maaie 2009 - 10:12

Frjentsjerteradiel giet de striid op 'e nij oan mei de hûnestront. It kolleezje stelt de ried foar om bakken te pleatsen mei dêrby plestik pûdsjes. Sa kin de eigner fan in hûn de stront maklik yn 'e bak smite. It keapjen fan de bakken kostet de gemeente 30.000 euro en it leegjen wurdt rûsd 10.000 euro jiers.

Hoe't de ekstra útjeften dutsen wurde moatte is noch net dúdlik. It kolleezje sil besjen oft de bazen fan de hûnen foar de kosten opdraaie kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)