Nije oanpak Hells Angels

01 maaie 2014 - 18:54
  • Hell's Angels Harns

De ynfal tongersdei by de Hells Angels yn Harns is ûnderdiel fan in grutte lanlike oanpak fan motorklups. Der wurdt achter de skermen wurke oan in nije rjochtsaak om de Hells Angels te ferbieden, sa tinkt ferslachjouwer Robbert Bas fan de NOS. Hy folget de striid fan justysje tsjin de motorklups al jierren en neffens him past de ynfal yn Harns yn in lanlike trend.

Justysje en plysje dogge hieltiid faker ynfallen by de klupgebouwen fan de Hells Angels foar allerhande lytse saken, dêr't ien hiele grutte saak mei makke wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)