Nije oanpak guozzen

17 jun 2014 - 19:58
  • Guozzen

De skea dy't guozzen feroarsaakje moat jierliks mei fiif oant tsjien persint ôfnimme sûnder dat dêrtroch soarten guozzen echt yn de problemen komme. Dat is it doel fan de nije guozze-oanpak fan de provinsje Fryslân. Sawol lanlik as provinsjaal slagge it net om mei alle partijen ta in akkoart te kommen oer dy oanpak.

Dêrom hawwe Deputearre Steaten no sels in foarstel makke. Dêryn stiet dat trekguozzen de kommende twa winters yn jannewaris en febrewaris mei rêst litten wurde.

Dêrnei wurdt dy rêstperioade mooglik noch útwreide mei novimber en desimber. Der komt wol mear romte om te paugoes te bejeien omdat dat oantal hiel hurd driget te groeien. Fierder is der 28.000 bunder lân nedich om guozzen op te fangen. Boeren krije yn dizze gebieten de skea fergoede plus nochris 50 euro de bunder. Natuerorganisaasje Natuurmonumenten is foarsichtich posityf oer dit nije belied. Sy wolle eins in winterrêst fan fjouwer moannen en se wolle dat de pauguozzen mei rêst litten wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)