Nije oanpak earmoedebestriding

14 mrt 2014 - 13:54
  • De oerienkomst wurdt tekene

De tsjerken fan Súdwest-Fryslân en de gemeente, hawwe in unike oerienkomst sletten. De organisaasjes sille gearwurkje om earmoede en oare sosjale problemen te bestriden. It is foar it earst dat dit yn Nederlân sa regele wurdt. Ek de moskee docht mei. Tefolle minsken meitsje gjin gebrûk fan de regelingen, wylst se der wol rjocht op hawwe. Doel fan de oerienkomst is dat de hûnderten frijwilligers fan de tsjerken gebrûk meitsje fan de profesjonele organisaasje fan de gemeente. De gemeente sil de frijwilligers ek in oplieding jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)