Nije oanpak CNV-lânbou

30 mrt 2008 - 13:45

It lân- en túnboubûn fan it CNV komt mei in nije oanpak om ûndernimmers en meiwurkers mei inoar yn kontakt te bringen. De tiid fan de lytse sealtsjes en sprekkers is foarby.

Tsjintwurdich wurde der eveneminten organisearre, lykas 'Mooi Land' dat sneon yn Drachten plakfûn. Yn it kongressintrum wie fan alles te dwaan en te sjen. Undernimmers presintearren har, der waarden workshops jûn en der wiene optredens fan artysten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)