Nije oanpak bernemishanneling

18 nov 2011 - 19:08
  • Fier Fryslân

Minister Opstelten fan justysje en feiligens iepenet 28 novimber it nije sintrum bernemishanneling fan Fier Fryslân yn Ljouwert. It sintrum hat in nije wurkwize. Soarch, plysje en justysje wurkje dêryn gear om te soargjen dat bern in feilige omjouwing ha.

De gearwurking fan de ferskate partijen is in trochbraak yn de oanpak fan bernemishanneling yn Nederlân. Ek yn Haarlem wurdt sa'n sintrum iepene. Ut sifers fan de oerheid docht bliken dat geweld yn de priveesfear de meast foarkommende foarm fan geweld is yn ús lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)