Nije oanpak âldereinsoarch

03 feb 2012 - 14:09

Soarchynstelling Bertilla yn Drachten, Oerterp, Easterwâlde, De Gordyk en Appelskea wol noch folle mear as no tenei dwaan wat de âlderein wichtich fynt. Dat is freed sein by de fiering fan it 50-jierrich bestean en de iepening fan de nijbou oan de Boargemaster Wuitewei yn Drachten.

It âlde gebou mei mearpersoanskeamers en mienskiplik sanitêr hat plak makke foar ienpersoanskeamers mei eigen douche en húske. De namme Bertilla sil, sa't it no liket, ek ferdwine.

It bestjoer hat freed by it 50-jierrich bestean oan eltsenien frege om mei suggestjes foar in nije namme te kommen, om ekstra oan te jaan dat der in oar gebou is en in oare wize fan wurkjen. Bertilla hat 860 bewenners. Der wurkje in lytse 2000 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)