Nije oannimmer foar bou fiadukt Sintrale As by Feanwâlden

07 des 2015 - 15:30
  • In tekening fan hoe't it fiadukt derút komt te sjen
  • Hjir moat it nije fiadukt komme

Oannimmersbedriuw K. Dekker BV út Warmenhuizen bout fierder oan it fiadukt yn de Sintrale As tusken Feanwâlden en Quatrebras. Dekker nimt it wurk oer fan de VBK Groep, dy't ein oktober fallyt ferklearre is.

Trochdat it wurk oernaam wurde moast, is it fiadukt twa moanne letter klear as pland. Dat hat lykwols fierder gjin gefolgen foar de iepenstelleing fan de Sintrale As, hjerst takom jier. Nei alle gedachten is it fiadukt yn maaie klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)