Nije oanmeldings bringt De Friesland op rekôrtal leden

12 jan 2016 - 15:52
  • Kantoar fan De Friesland yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland hat der 50.000 nije klanten by krige. De fersekerder hat in kampanje hâlden foar nije leden. It bedriuw hat no in rekôrtal fan 618.000 klanten.

Benammen it tal minsken dat fia de wurkjouwer kollektyf fersekere is, is tanaam. Fierders binne in soad nije klanten kollektyf fersekere fia in natuerorganisaasje. Se krije dan koarting op de fersekeringspreemje. Foaral op Flylân en yn Weststellingwerf en Ljouwerteradiel is it tal fersekerden tanaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)