Nije oanklacht speedboateigner

17 jul 2008 - 12:12

De plysje hâldt de eigner fan de speedboat dy't in moanne lyn tsjin in frachtskip botste, ekstra yn de gaten. De man (39) is tongersdei frijlitten. Betingst is dat er syn farbewiis ynleveret en gjin nije oanfreget. Dat hat de rjochtbank bepaald.

De man bliuwt fertochte, lykas in 45-jierrige man, ek út Ljouwert, dy't oan it stjoer siet fan de boat. Justysje fertinkt harren fan dea troch skuld. By it ûngelok kaam in 42-jierrige man út Jellum om it libben.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)