Nije oanjefte yn saak Thomas

06 aug 2009 - 10:16
  • De mn dy't de bleatfoto's op ynternet sette, hat oanjefte dien fan bedriging

De plysje ûndersiket bedrigings troch de man fan Manon Thomas tsjin in ynwenner fan It Amelân. De Amelanner sette ferline jier bleatfoto's en filmkes fan Thomas op it ynternet. Hy hie ynbrutsen op har kompjûter.

Thomas die oanjefte en dat waard in rjochtsaak. Nei de útspraak stapte de man fan Manon Thomas op de advokaat fan de man ôf en drige syn kliïnt wat oan te dwaan as dy in heger berop gean soe. De Amelanner hat oanjefte dien fan bedriging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)