Nije oanhâldings drugsûndersyk

02 apr 2013 - 14:37
  • Drugs

De plysje hat opnij fjouwer minsken oanhâlden by it grutte drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân. It giet om in 22-jierrige ynwenner fan De Harkema en in frou fan 23 út Droegeham, dy't ûnder oare twa liter GHB yn har besit hienen.

De twa binne oanhâlden yn in hûs yn Droegeham. De man wie ûnder betingst frijlitten nei in eardere drugsferoardieling. Op in parkearplak yn Surhústerfean waarden in 17-jierrige jonge út Tynaarlo en in 23-jierrige ynwenner fan De Harkema oppakt. Beide wachten yn in auto op klanten foar har drugs.

De fjouwer minsken dy't oppakt binne, binne fêstset op it plysjeburo. De plysje giet troch mei it ûndersyk en slút meardere oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)