Nije oanhâldings drugsûndersyk

06 mrt 2013 - 10:40

Yn it ûndersyk nei it yn besit hawwen en ferhanneljen fan drugs yn it noardeasten fan Fryslân hat de plysje opnij trije minsken oanhâlden. It giet om in 29-jierrige Holwerter, in 23-jierrige ynwenner fan Nes Dongeradiel en in 42-jierrige man út Mitselwier. By dy lêste thús is in lytse plantaazje fûn mei 25 planten. Ek hie er twa nepwapens. De hennep en wapens binne yn beslach naam. Tsjin de trije persoanen is proses-ferbaal opmakke. Mei-elkoar hat de plysje by it ûndersyk no njoggen minsken oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)