Nije oanhâlding motorstellerij

30 jun 2013 - 14:18

De plysje hat in twadde fertochte oanhâlden foar de stellerij fan motoaren yn Goutum en Haren. It giet om in 26-jierrige man út Grins. Earder waard hjirfoar al in frou fan 45 út Grins oanhâlden. Freedtenacht waarden by Goutum twa motors stellen fan Frânske TT-besikers. Sneontemiddei binne se werom fûn yn in garaazjeboks yn de stêd Grins. Yn de boks stie ek de stellen motor út Haren. Dizze motor hie in GPS-transponder. De plysje giet noch fierder mei it ûndersyk. De oanhâlding fan mear minsken wurdt net útsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)