Nije oanfaller foar Cambuur

09 sep 2014 - 17:34

SC Cambuur hat him fersterke mei Damiano Schet. De 24-jierrige oanfaller hat in kontrakt foar ien jier tekene, mei in opsje foar noch in seizoen. Schet wie transferfrij. Koartlyn wie syn kontrakt by de Syprioatyske klup AEK Larnaca ûntbûn.

De fan oarsprong Amsterdammer degradearde it foarrige seizoen mei RKC Waalwijk út de earedivyzje. Hy ferhuze dêrnei nei Cyprus, mar hâlde it dêr net lang út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)