Nije oaljefûgels yn Fûgelpits

17 jan 2011 - 11:07

By de fûgelpits yn Moddergat binne 40 oaljeslachtoffers binnenbrocht. Se kommen fan in oanfarring tusken in coaster en in binnenfearttanker op it Noardseekanaal by Amsterdam. Dêr is 100.000 liter oalje by frijkaam. It waskjen fan 'e fûgels begjint tiisdei. Earst moat de stikken ferzen wetterlieding noch makke wurde.

Under de oaljeslachtoffers yn Moddergat binne ek trije swannen. Dy binne te grut foar de fûgelwaskmasine. Se wurde mei de hân wasken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)