Nije nieren foar twa broers

10 des 2008 - 15:30
  • Remco en Erwin Kamer, elk mei in nije nier

Remco en Erwin Kamer, twa broers fan 24 en 21 út Appelskea, ha dizze wike dei op dei in nije nier krigen. Dat is in grutte tafallichheid, want de iene wachte al njoggen jier op in nije nier, de oare in pear jier koarter.

Allebeide waarden se yn twa dagen tiid holpen, Erwin as earste. Foar it Universitair sikehûs yn Grins wie dit ek in unyk gefal. De jonges moatte noch twa wike yn it sikehus bliuwe om te herstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)