Nije NHL 'wol net iepen'

04 jan 2010 - 11:01
  • De nije NHL yn sketsfoarm

Op de earste dei dat it nije skoalgebou fan 'e NHL yn gebrûk is, diene de tagongspaskes it net. Troch in kompjûtersteuring woene de doarren moandei net iepen. Dat moast mei de hân. De steuring waard moandei yn 'e rin fan 'e dei ferholpen.

De hiele wike kinne studinten wenne oan it nije skoalgebou. By wize fan ludike aksje wize steltrinners it paad. Plattegrûnen binne fergees te krijen en ek wie der in fergees moarnsbrochje foar de studinten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)