Nije natuerkamping Oerterp

14 mrt 2006 - 10:22

De kamping oan 'e Mersken yn Oerterp giet yn maaie iepen. Om de kamping hat in soad te dwaan west. Omwenners binne deroptsjin fanwege oerlêst, mar de Raad van State hat de beswieren ôfwiisd.

It bedriuw is op eigen fersyk ûnderdiel wurden fan de ekologyske haadstruktuer. Dat binne ferbiningssônes tusken natuergebieten. De kamping leit flakby it natuergebiet by it Keningsdjip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)