Nije natoer by Westergeast

23 jan 2009 - 12:24

It stik lân yn Westergeast dêr´t de gemeente earder it nije multyfunksjonele sintrum bouwe woe, wurdt mooglik offisjeel in natuergebiet. Dat seit wethalder Koster fan Kollumerlân.

Natuerorganisaasje It_Kollumer_Grien wol it terrein keapje, mei stipe fan de provinsje. It multyfunksjonele sintrum, mei in nije skoalle, komt oan de oare kant fan de dyk, njonken de kamping. De gemeente woe dat altyd al, mar koe de grûn earst net keapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)