Nije nammen by Aris

07 jul 2010 - 21:21
  • Soad nije gesichten by Aris

De seleksje fan basketbalklup De Friesland Aris sjocht er it kommende seizoen hiel oars út. Dat komt foar in part trochdat de gearwurking mei EiffelTowers fan Den Bosch ophâlden is. Dy klup lit no gjin spilers mear yn Ljouwert spylje en dat wiene der dit jier trije.

Nije nammen binne Bernt Waalkens, John Williams, Bas Rozendaal, Manny Adako en Gerad Punch. Fan de âlde seleksje bliuwe yn alle gefallen Andrew Dawson en Martin de Jong noch in jier by Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)