Nije namme promenade Snits

06 mrt 2012 - 20:41

De kuierpromenade yn it Snitser sintrum feroaret fan namme. In groep Snitsers hie frege de Houkeslootpromenade om te dopen ta Somerraksteiger. It kuierpaad leit net oan de Houkesleat, mar oan it Zomerrak en de inisjatyfnimmers binne bang dat dy namme ferdwynt. Dat wetter is de oergong tusken de Houkesleat en de stedsgrêften. Nei in peiling ûnder de befolking krije se harren sin, alteast foar it grutste part: de strjitnammekommisje fynt dat it kuierpaad al 'promenade' hjitten bliuwe moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)