Nije namme fûgelhut Aldeberkeap

31 des 2006 - 12:32

De fûgelhutte by Aldeberkeap hat in nije namme krigen. Earder hie de hutte de namme 'Lolkema's hutte'. Dat is no op inisjatyf fan de pleatslike fûgelwacht feroare yn 'Gerrit's hutte'.

De hutte is ferneamd nei Gerrit de Vries dy't jierrenlang bestjoerslid fan de fûgelwacht Aldeberkeap west hat. It boerd mei de nije namme fan de fûgelhutte is sneon ûntbleate troch de widdo en de dochter fan Gerrit de Vries.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)