Nije namme foar seehûnekresj

16 sep 2006 - 16:36

De seehûnekresj yn Pieterburen krijt in nije namme. De kresj, dy't dit jier 35 jier bestiet, giet no offisjeel fierder as 'Seehûnekresj Lenie 't Hart'. Direkteur Lenie't Hart, dy't 65 jier wurden is, bliuwt foarearst gewoan by de kresj oan it wurk.

Alle jierren wurde der 200 seehûnen opheind yn de kresj yn Pieterburen. 71 persint fan dy seehûnen komt fan de Fryske Waadeilannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)