Nije namme foar Fryske VVV's

23 apr 2012 - 14:45
  • VVV

De Fryske VVV krijt in oare namme. VVV Fryslân wurdt Tourist Info Fryslân. Reden foar de nammeferoaring is dat de provinsjale organisaasje no gjin kontakt sykje kin mei toeristyske ûndernimmers dy't yn in plak sitte mei in pleatslik VVV-kantoar.

Tourist Info Fryslân sammelt op dit stuit alle gegevens fan de toeristyske ûndernimmers yn Fryslân. Dy komme op de webside fan de organisaasje te stean. It is noch wol hieltyd mooglik om in pleatslik VVV-kantoar te iepenjen. Sa'n kantoar falt dan ûnder VVV Nederlân.

It bureau foar toerisme yn Wolvegea makket beswier tsjin de namme. Friesland Holland Tourist Information & Travel Service fynt beide nammen te bot op inoar lykjen. It bureau stapt nei de rjochter as Tourist Info Fryslân syn namme net feroaret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)