Nije namme Beleefbiblioteek

25 apr 2013 - 19:40

De Beleefbiblioteek yn Drachten krijt in nije namme. De biblioteek sil tenei fierder ûnder de namme 'De Bibliotheek Drachten/Smallingerland'. Dêrmei slút de biblioteek yn Drachten oan by de lanlike hússtyl fan de biblioteken.  

It logo, de webside en de ynrjochting fan de biblioteek sille ek folslein oanpast wurde. Alle feroarings moatte ein maaie klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)