Nije nachtopfang Zienn yn Ljouwert offisjeel iepene

21 mrt 2015 - 12:36
  • Iepening fan nije nachtopfang Zienn

De nije nachtopfang fan Zienn yn Ljouwert is sneon offisieel iepene. It nije plak- mei fyftich bêden- is krekt wat grutter as it âlde plak De Terp. En it hat spesjale ôfdielings foar froulju en jongerein. Trije moanne lyn is de nije opfang oan de Oostergowei al yn gebrûk naam en meiwurkers fernimme dat it in stik drokker is as by de âlde opfang.

Mooglik komt dat om't de nije opfang tichteby it stasjon en it sintrum leit. Fierder fernimme meiwurkers dat se hieltyd faker te krijen hawwe mei dakleazen mei swiere psychologyske problemen.

Yn de nije opfang is dêrom in saneamde 'sleep in' dêr't ûnhannelbere dakleazen terjochte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)