Nije nachtopfang Ljouwert wurdt iepene op 21 maart

12 mrt 2015 - 16:43

Yn Ljouwert wurdt sneon oer in wike de nije nachtopfang foar dakleazen offisjeel iepene. De opfang ferhuze yn desimber fan it gebou De Terp nei de Oostergowei. It nije ûnderkommen hat gjin sliepsealen mear, mar ien-, twa- en trijepersoanskeamers, sadat der mear privacy is. Der binne ferskate romten foar ferskate doelgroepen. Der is mei-inoar plak foar 50 minsken.

Op dit stuit sliepe der alle nachten sa'n 40 minsken. De offisjele iepening wurdt dien troch Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en wethâlder Andries Ekhart fan Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)