Nije nachtopfang De Wirdumerpoort yn Ljouwert iepen

18 des 2014 - 13:56

Yn de nacht fan tongersdei op freed sliepe de earste dakleazen yn de nije nachtopfang de Wirdumerpoort yn Ljouwert. De nije lokaasje ferfangt it âlde plak de Terp, dat bot ferâldere is en ticht giet.

Mei de nije nachtopfang kinne ek minsken dy't in hekel oan in sliepseal ha terjochte, want der binne lytsere keamers fan 1 oant 4 persoanen. En jongeren, dy't net by folwoeksenen sliepe wolle, ha in aparte ôfdieling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)