Nije mûne Boerum gjin monumint

03 mrt 2014 - 18:19
  • Mûne Boerum

De kâns is lyts dat de weropboude mûne Windlust fan Boerum de monumintestatus behâlde kin. Minister Bussemaker fan Underwiis en Kultuer skriuwt de Twadde Keamer dat de mûne troch de brân twa jier lyn syn unike konstruksje ferlern hat. Fryske Keamerleden hawwe de minister oproppen de nije mûne net fan de monumintelist te heljen.

Earder mocht ek in ôfbaarnde mûne yn Meppel op de list stean bliuwe. Neffens Bussemaker koe dat, omdat wichtige parten fan de mûne dêr behâlden binne, wylst de mûne fan Boerum hast folslein ferlern gien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)