Nije mooglikheden foar lytse skoallen

04 maaie 2015 - 20:23

Alden en doarpsmienskippen krije mear ynspraak oer de takomst fan doarpskoallen dy't driigje te sluten of te fusearjen omdat se lyts wurde. Steatssekretaris Sander Dekker fan Underwiis nimt maatregels dy't romte biede foar mear sizzenskip. Der moatte ek alternativen komme foar skoalbestjoeren, bygelyks troch it bestjoer oer te dwaan oan in oare skoalstichting.

Cees van Mourik fan De Gaastmar is fise-foarsitter fan de lanlike Lytse Skoallen Koöperaasje. Hy is tige wiis mei de maatregels.

Van Mourik tinkt dat it beslút fan Dekker nije mooglikheden biedt foar basisskoallen yn krimpregio's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)