Nije mjittings SKS-skûtsjes

11 sep 2009 - 16:05
  • Foto's: Martin de Jong

De skûtsjes fan de SKS wurde fan freed ôf metten foar de nije seilformule. De skûtsjes moatte wat snelheid oangiet tichter byinoar komme. It seiloerflak spilet dêr in rol yn.

Dêr binne al earder mjittings foar dien, mar neffens de skippers is dat net earlik gongen en wie der ek te min tafersjoch op út de SKS wei. Dêrom wurde der no yn Twellingea nije mjittings dien. Skûtsjeskippers is frege dêrby te wêzen, mar der kamen freed mar trije opdaagjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)