Nije metoade om dong te meitsjen yn Idzegea

10 nov 2014 - 22:38

Fjouwer boeren yn de omkriten fan Idzegea hawwe in oare wize fûn om harren lân te bedongjen. Dat dogge se troch middel fan Bokashi. Dat is organysk materiaal fan it eigen hiem, lykas hekkelguod, dat mingd wurdt mei guon grûnstoffen. Troch fermintaasje, dus ûnder in tek it guod giste litte, wurdt der dong fan makke.

It guod is goed fruchtber en moat derfoar soargje dat it boaiemlibben wer tanimt. Dat moat der wer ta liede dat der wer mear greidefûgels komme.

Ut in earste test hat al bliken dien dat der yn de grûn dêr't de Bokashi op útriden is, mear wjirms yn de grûn sitte as op lân der't gewoane dong op útriden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)