Nije masteroplieding by Wetsus

15 des 2011 - 10:27

Wetterynstitút Wetsus wol takom skoaljier begjinne mei in eigen masteroplieding wettertechnology. Doel is om mei tritich studinten te begjinnen dy't har dwaande hâlde sille mei universitêr wetterûndersyk. De provinsje betellet acht ton oan de nije oplieding.

Op it stuit folgje al sa'n 30 earste- en twaddejiers studinten in spesjalisaasje wettertechnology by Wetsus. De masteroplieding wurdt dêr in ferfolch op. Wetsus wurket by de oplieding gear mei de universiteiten fan Grins, Twente en Wageningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)