Nije master Marine Shipping Innovations fan NHL op Skylge

14 jan 2015 - 13:50
  • De ferâldere seefeartskoalle op Skylge dy't fernijd wurde moat

Op de Willem Barentsz fan de NHL op Skylge is woansdei de nije masteroplieding Marine Shipping Innovations begûn. Studinten dy't dizze master folgje, kinne de kennis dy't se opdogge fuort tapasse yn it wurk. De master is foar studinten dy't in nautyske of skipsboukundige oplieding folgje. Sa wurdt ynspile op de grutte fraach nei heech oplaat personiel.

De master wurdt foar in grut part betelle troch it ministearje, de studinten betelje sels 2.000 euro sels. Der wie plak foar 15 studinten, mar it tal oanmeldings wie folle grutter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)