Nije mar by De Lemmer

07 feb 2007 - 12:36

Op 'e grins fan Fryslân en Flevoland komt in nije mar as wetterbuffer. Dat hat it wetterskip besletten. De mar moat in oplossing foarmje foar de wetterproblemen yn polder Lemsterhop oan 'e eastkant fan de Lemmer.

It plan is ferline jier al ris presintearre oan de ynwenners fan it gebied, mar krige doe net in soad byfal. In ûndersyk nei alternativen hat lykwols net in bettere oplossing opsmiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)