Nije maatregels blautonge

24 okt 2008 - 21:36
  • Blautonge fûn yn Oerisel en Gelderlân

Yn it súdeasten fan Fryslân jilde sûnt freed strange regels foar it ferfier fan kij, skiep en geiten. Dat is it gefolch fan de fynst fan in nij blautongefirus by fjouwer feehâlders yn Gelderlân en Oerisel.

Yn in gebiet fan fyftich kilometer om de bedriuwen hinne jilde no strange regels foar it ferfier. Eksport út it gebiet wei is hielendal net mooglik. It nije type firus is noch net earder fûn yn Europa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)