Nije lokaasje Goederenbank

07 des 2007 - 16:12

Yn Ljouwert sil wethâlder Marco Florijn sneon it nije ûnderkommen fan de Goederenbank iepenje. Sûnt de oprjochting is dit al de tredde lokaasje. It nije adres is Ampèrestrjitte 14.

Yn it gebou is romte foar in winkel, in wurkpleats, in waskromte, in kapper en in restaurant. En dat allegear rjochte op de minima. Foarsitter Simon de Jong is tige wiis mei it nije plak en hoecht der foarearst net wer wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)